menu

Baldrs Draumar - Njord (2022)

mijn stem
4,05 (10)
10 stemmen

Nederland
Folk / Metal
Uitgebracht in eigen beheer

  1. Njord (4:20)
  2. Thús op See (3:45)
  3. Jûl (4:18)
  4. Eastre (3:56)
  5. Akraberch (4:07)
  6. Skalden (4:08)
  7. Fan Keardel en Skiep (2:55)
  8. De Lêste Fries (5:35)
  9. Sieletocht (3:55)
  10. Wat Nea Fergiet (4:18)
totale tijdsduur: 41:17
zoeken in:
avatar van RonaldjK
4,5
De nieuwe Baldrs Draumar heet Njord. Het is hun tweede akoestische, waarmee valt te constateren dat de Friezen de laatste vier albums om en om elektrisch en akoestisch werk uitbrengen. De metalband maakt dus wederom een album dat ook geschikt is voor degenen die niet van scheurende gitaren houden.
Njord wordt net als de vorige albums in eigen beheer uitgebracht; gezien de constant hoge kwaliteit van hun werk vraag ik me af waarom ze niet bij een groot label zitten. Dit kan zich namelijk meten met de top van metal en tevens folk. Het verdient betere distributie en een degelijke (inter)nationale tournee.

Van de vorige drie albums vertelden twee een verhaal en ook Njord is een conceptplaat. Hier wordt verteld hoe Friezen in de vroege Middeleeuwen besloten het Frankische zuiden de rug toe te keren en noordwaarts te varen, waar de Noordzee toen al een drukbevaren kruispunt tussen (het huidige) Engeland, Schotland, Noorwegen, Denemarken, Duitsland, de Lage Landen en Noord-West Frankrijk was.
Het zwart-witte boekje bevat naast de teksten prachtige tekeningen van de Tsjechische kunstenaar Jakub Vaniš. Ze helpen het verhaal te begrijpen van degenen die de Noordse mythologie eerden en zich verwijderden van het geloof dat met de Franken meereisde. Af en toe waan ik mij in de stripverhalen van Thorgal Aegirsson, maar dan in een Friestalige versie waarin hun "drakenskûtsjes" de grijze zee bevaren.

De muziek mag akoestisch zijn, de uitvoeringen laten er geen misverstand over bestaan dat de vier een steviger muzikale achtergrond bezitten. In het titellied dat het album aftrapt, wordt zelfs bescheiden gegrunt. Idem in Sieletocht.
Maar geen blastbeats of gitaarsolo's. Op Thús op See, Jûl en Fan Keardel en Skiep klinkt daarbij melodieuze Keltische folk. Banjo, accordeon, fluit, viool en andere instrumenten bieden variatie op de akoestische (bas)gitaar en percussie, de zang is wederom passievol en gepassioneerd. Bij Akraberch, sowieso een pareltje van een lied, verscheen een sfeervolle clip, zo te zien bij de Waddenzee gefilmd.

Voor een volgend album zou het wellicht leuk zijn om de metalen kant met de akoestische te combineren. Kan volgens mij een ijzersterke mix opleveren. Voor nu is het genieten van Njord in al zijn niet-elektrische schoonheid.

avatar van RonaldjK
4,5
In het Friesch Dagblad een achtergrondartikel over band en album. Via de sociale media van de band ook zonder abonnement in z'n geheel te lezen.

5,0
Mei ik wol oer!

avatar van Tha)Sven
4,5
Heel erg cool!

avatar van ABDrums
5,0
RonaldjK schreef:
In het Friesch Dagblad een achtergrondartikel over band en album. Via de sociale media van de band ook zonder abonnement in z'n geheel te lezen.

Hier wil ik graag op aanhaken. Vorige week is er een artikel in de Leeuwarder Courant verschenen over Baldrs Draumar en de nieuwste telg binnen hun discografie. Ze zijn afgelopen weekend op de Faroër-eilanden geweest, omdat er mogelijk een link bestaat tussen deze eilandgroep en de Friezen uit de hoge middeleeuwen.

Razend interessant natuurlijk (niet alleen voor de Fries, maar ook voor de 'buitenstaanders'), alleen het is een premium-artikel. Voor het gemak copy-paste ik hem hier even in quotatietekens, hopende op geen verder gezeur dat ik een krantenartikel citeer...

Wethouder Aant Jelle Soepboer toert met folkmetalband op de Faeröer-eilanden. 'It is ek in syktocht nei ús woartels'. Zaten er ooit Friezen op de Faeröer-eilanden? De band Baldrs Draumar van Aant Jelle Soepboer zoekt het uit tijdens een minitournee.

Ze schreven er een heel album over, maar ze waren er nog nooit geweest. Nu komt daar verandering in: vrijdagavond treden de mannen van Baldrs Draumar op in Tórshavn, de hoofdplaats van de eilandengroep tussen IJsland en Schotland.

Vanwege de lange tocht via Kopenhagen moest drummer Aant Jelle Soepboer, tevens wethouder in Noardeast-Fryslân, de uitslagenavond van de FNP woensdag missen. „Dat nimme se my net yn tank ôf. Mar klear, soms moat je keuzes meitsje.”

Gedeeld verleden

De reis naar de Faeröer is immers meer dan twee optredens en weer door. „It is ek in syktocht nei ús woartels”, zegt Soepboer. Samen met een lichttechnicus en een cameravrouw neemt de folkmetalband uit Dokkum een duik in een gedeeld verleden.

Het verhaal wil dat varende Friezen ergens rond de hoge middeleeuwen ook de Faeröer-eilanden aandeden. En dat niet alleen: op het zuidelijke eiland Súðuroy zouden ze zich ook hebben gevestigd.

Hoe dit eruit gezien kan hebben, wordt bezongen op het akoestische conceptalbum Njord uit november 2022. Heidense Friezen vertrekken vanwege de kerstening, steken de zee over en raken na een pestuitbraak verzeild in een burgeroorlog.

Arno Brok

Klinkt als een mythe en dat is het misschien ook. Toch denken de bandleden dat er op z’n minst iets van waar is, een vermoeden dat werd versterkt na het werkbezoek aan de eilandengroep door Arno Brok in 2019.

Als geschenk kreeg de Friese commissaris van de Koning onder meer een cd van de folkrockband Hamradun. Het nummer Frísarnir b leek te zijn gewijd aan de Friezen, waarop Brok de cd weer doorgaf aan Soepboer en het contact werd gelegd.

„Se kenne deselde soarte ferhalen as wy”, vertelt Soepboer. Op de Faeröer, dat een autonoom onderdeel vormt van het Deense koninkrijk, doen verhalen de ronde van Friese piraten en er is zelfs een volksdans vernoemd naar de Friezen.

Documentaire

Door te spreken met deskundigen en eilandbewoners wil de band een eerlijk beeld krijgen van het verleden. Als de Fries-Faeröese band niet te bewijzen is, dan is dat maar zo. „Mar ik hoopje fansels dat der yndied in konneksje is, dêr gean wy foar no fan út.”

De zoektocht moet leiden tot een documentaire in eigen beheer. Tot die tijd deelt Baldrs Draumar het podium met Hamradun en klinkt er Fries op de Faeröer-eilanden, en Faeröers in Friesland wanneer de bands op 25 maart optreden in Theaterkerk Nes.


Njord ga ik komende week nog beluisteren. Als geboren en getogen Fries ga ik er waarschijnlijk weer zeer veel lol aan beleven, net zoals ik dat bij Magnus en Aldglissoan ook al had. Ik ben in ieder geval zeer benieuwd naar wat de heren op plaat hebben gezet.

avatar van Forza
4,5
Een sfeervol folkalbum dat weet te boeien van begin tot eind met veel verwijzingen naar de oude Friezen en hun heidense goden. Het album heeft een reeks sterke nummers die de hele dag in mijn hoofd blijven hangen. Dat is bijzonder, want dat heb ik tegenwoordig nog maar zelden. Het is een voordeel om Fries te verstaan, maar ook zonder de taal te kennen is er genoeg te genieten door de grote overtuiging waarmee wordt gespeeld. Akraberch is mijn favoriete nummer. Het bevat zeer krachtige zang/samenzang, die ook a capella goed tot zijn recht zou komen.

avatar van ABDrums
5,0
Baldrs Draumar - Njord: In syktocht nei de betsjutting fan de Fryske skiednis, kultuer en identiteit yn de hjoeddeiske wrâld

In resinsje yn myn memmetaal is noch nea fan myn hân kaam op dizze website. Earder haw ik by it black metal album Ôfstân fan Kjeld de belofte makke ris in stikje te skriuwen yn it Frysk. Dêrby haw ik altyd yn 'e holle hân dat dat barre moatte soe by in Frysktalich album fan in Fryske band. Boppedat, en dat jild foar alle stikjes dy 't ik skriuw, moat der ynspiraasje oanwêzich wêze om wat by in bepaald musikaal wurkstik te skriuwen. Lyk as dat in album faaks út it hert fan de betreffende artiest komt, sa probear ik myn resinsjes ek fanút myn hert te skriuwen; wat ik sjoch yn de teksten en hear yn 'e musyk probear ik te koppeljen oan wat ik my by it totaalplaatsje foarstel, fiel, fernim en dream. Sa 't jim sjen kinne haw ik it album Njord de heechste skoare jûn, eat dat dochs altyd spesjaal is om te dwaan. Lit my útlizze wat Njord it ôfrûne skoft mei my dien hat, en benammen, wêr 't Njord my oan tinken litte hat.

Lit my begjinne mei in koarte yntroduksje. Baldrs Draumar is in Fryske folkmetal band dy 't oprjochte is yn 2009 en ôfkomstich is út de prachtiche histoaryske stêd Dokkum. Hja witte wol; dyselfde stêd wêr 't de reedriiders mei de Alvestêdetocht komme en wêr 't Bonifatius yn 754 fermoarde is (hoewol 't men tinkt dat hy miskien bûten de stêd op it Fryske plattelân fermoarde is). De stêd Dokkum is bekend om harren autentyke kultuer-histoaryske binnenstêd, it Bonifatiusbier, de Admiraliteitsdagen en, last but not least in fitale Metalscene. De band bestiet út sjonger Wildgeraesch (Sjoerd Steegstra), gitarist Vuurschpuwer (Oepke van der Beek), bassist Zuypschuyt (Alwin Schoorstra) en drummer Dondervuyscht (Aant Jelle Soepboer), wêrby 't sy sich fokusje op in minskelmoes fan death metal, thrash metal, viking metal en folk metal. De band foeget hjir in pear sterke hannelsmerken oan ta, nammentlik Fryske teksten, in fassinaasje en passy foar de Fryske skiednis, in kristalhelder lûd (seker fanwege it feit dat de band al harren albums yn eigen behear útbrocht hat) en de krêft om geweldich goeie nûmers te skriuwen.

Yn de diskografy fan de band is ek in sekere dichotomy te sjin. Op de albums Forfedres fortellinger, Aldgillissoanen Magnus wurd in sterk klam lein op de metalroots fan de band, dy 't ferweven wurde mei passages en lûden dy 't sich bestimpelje litte as pastoraal-nostalgyske folkeleminten. Likegoed hat de band ek sjin litten in kompleet album meitsje te kinnen dat akoestyske folkpassages as útgongspunt nimt, hjirmei ferwiizende nei it út 2017 stammende Fan Fryslâns Ferline. Njord, it album dy 't yn dizze besprekking sintraal stiet, moat sjoen wurde as in foarsetting fan de wei dy 't mei Fan Fryslâns Ferline ynsetten is.

Foardat ik úteinset mei de tematyske kant fan it ferhaal liket it my earst moai om koart stil te stean by de musyk. It gefaar fan metalbands dy 't in folslein akoestysk album útbringe is faaks dat se telânne komme yn saaie nûmers sûnder passy, memorabele melodylinen, rjochtingleaze komposysjes en kleurleaze ynstrumintaasje. Baldrs Draumar wit al dizze euvels hiel goed de holle te bieden. Allerearst wurde de teksten en de tematyk dy 't dêrmei ferbûn is mei in protte wille en oertsjûging oan de man bracht: hja kinne hearre dat de mannen liuwe yn wat sy ús fertelle wolle en dat sy dit net om 'e nocht doche. Dêrneist beskikt Baldrs Draumar oer in geweldiche sjonger. Sjoerd Steegstra is seinige mei in hiel karakteristyke stim, dy 't sich lient om ferhalen boeiend en fol fjoer te fertellen. Hy klinkt seker en sterk, ek noch ris oanfolt troch in magnjefyk rauw randsje (wêrby 't ik tinke moat oan in sjonger as Mark Lanegan of John Garcia). Eins past it stimgelûd fan Steegstra perfekt yn it 'typysk-Fryske' dat de band útdrage wol, wêr 't ik fierder op yn dit petear djipper op yn gean. Boppedat is Baldrs Draumar sear begien yn it skriuwen fan herkenbere melodylinen, dy 't prachtich keppele wurde kinne oan de machtige stim fan Sjoerd Steegstra. It tot dyn beskikking ha fan in goeie sjonger is ien, mar om dan ek noch mei pakkenede sjonglinen te kommen is natuulk in twadde. Myn kompliminten foar de band, want ik se binne net meat út myn holle wei te slaan.

Dêrneist biedt de band in sear ôfwikseljend palet oan folynstruminten dy 't Njord kleurje. Hja kinne it sa gek net betinke: ferskate akoestyske gitaren, banjo's, fioelen, akkordeons en fluiten. Alles wurd út de kast helle om te foarkommen dat it album in ientoaniche musikale ûnderfining foar de harker wurd. Op it mêd fan komponearen wit Baldrs Draumar harren mantsje ek te stean. Ferhalendere passages wurde ôfwiksele mei passages dy 't yntinser binne. De band wit dit te dwaan troch ferskillen te ynkorporearjen tusken grut en lyts en it opfoljen fan it lûd op it mêd fan ynstrumentaasje (troch byfoarbyld te wurkjen mei overdubs,, dûbele gitaarriffs, etc.). Lit my dit ris yllustrearje oan de hân fan myn favorite nûmer, Jûl, wêr yn 't eins al myn pluspunten op it mêd fan 'e musyk tegearre komme.

Jûl begjint mei in inkele banjoriff (ôfwikseljend palet oan ynstrumintaasje) dy 't nei 15 sekonden folge wurd troch in slepende akkordeon passage mei sfearfolle perkusje-eleminten en begeliedende akoestyske gitaren. Hjir is bygelyks it ferskil tusken grut en lyts te hearren wat ik sketste. Dizze akkordeonpassage is boppedat ek krekt san melodyline dy 't de hiele dei yn 'e holle sitten bliuwt, yn kombynaasje mei wer san heerlike sjongline fan Steegstra. Komposisjoneel wurde der gjin gekke fratsen út helle. Jûl folget it stramien fan in typysk intro - kouplet - refrein - kouplet - refrein - bridge - refrein - ein struktuer. Hoe at it útfiert wurd is lykwols fan enoarme kwaliteit, benammen it feit dat de haadsjongline op it ein oandikt wurd troch him fan in overdub te foarsjen, wêrtroch at de sjongline yn kwestje noch mear krêft mei krijt en noch ymponearjender wurd.

It album Fan Fryslâns Ferline haw ik al koart efkes oanstipt. Hoewol it foariche folkalbum fan de band net in oerkoepeljend konsept hat, is dat by Njord (gelokkich) al it gefal. Ik sis hjir mei sin 'gelokkich', om 't ik altyd in swak hân haw foar konseptalbums. Ik soe legio foarbielden neamme kinne, mar dat is hjir net it goeie plak foar. Yn ien fan de folgjende alineas kom ik hjirop werom. Njord is dochs net in konseptalbum yn de sin dat it oer in koherint, slûtend nearratyf giet. It giet mear oer in sintraal tema wêr alle yndividuele nûmers as kollektyf oan ophongen wurde. Hjirboppe haw ik in krantenartikel siteare dy 't de konseptuele tematyk moai omskriuwt:
Het verhaal wil dat varende Friezen ergens rond de hoge middeleeuwen ook de Faeröer-eilanden aandeden. En dat niet alleen: op het zuidelijke eiland Súðuroy zouden ze zich ook hebben gevestigd.

Hoe dit eruit gezien kan hebben, wordt bezongen op het akoestische conceptalbum Njord uit november 2022. Heidense Friezen vertrekken vanwege de kerstening, steken de zee over en raken na een pestuitbraak verzeild in een burgeroorlog.

Foar my belichemt dit konsept twa kanten fan deselfde medaille. Oan de iene kant is it hartstikke nijskjirrich om op ûndersyk út te gean nei mooglike bannen tusken de Faeröer-eilânnen en de middeliuwske Friezen, mar oan de oare kant kin ik myn krityske histoaryske gevoel as skiednisstudint net útskeakelje at ik termen as 'verhaal', 'zouden hebben gevestigd' en 'hoe dit eruit gezien kan hebben'. It is, mei oare wurden, ûnwis oft dizze episode yn de skiednis oait bart hat of net en hoe at dit dan bart hat. Sa 't de band sels oanjûn hat binne der ferbannen te lizzen tusken de Friezen en de Faeroer-eilânnen, mar dochs is it bewiis dêrfoar net om oer nei hûs te skriuwen. It bronmateriaal liket te meager te wêzen om mei hurde konklúzjes en bewiizen te kommen. Gelokkich docht de fermiende histoaryske ûnwissichheid gjin ôfbrek oan wat de band ús fertelle wol en wêr 't Njord, yn myn belibbing, foar stiet.

Want in konseptalbum jout, sa at it eins ek moatte soe, romte oan de harker om sels mei it konsept oan 'e haal te gean. Hja kinne harren eigen ynterpretaasjes, ûnderfiningen, bielden, dreamen, gedachten en fyzjes koppelje oan it konseptuele kader, sadat dêr in unike lústerûnder út ûntsprut dy 't foar elts oars wêze sil. Sa haw ik dat ek mei Njord, wêrby 't ik it konsept sa 't de band dat delset hat sjoch as de oerflakte wêr 't in djippere laach ûnder leit as it ware.

Sa kom ik, en dat hat in skoft duorre, by de kern fan myn petear. En dat is dat Njord foar my bepaalde aspekten dy 't ik as sear wichtich sjoch en ûnderfyn foar myn bield foar Fryslân en harren taal, kultuer en skiednis oergryselik goed ûnder wurden wit te bringen yn de tekst en fiele lit troch it musikale listwurk. Dat klinkt tige dizich en abstrakt, wêrtroch 't ieniche útlis op harren plak is. Ik pak de grutte linen út de teksten fan de nûmers, wêrby 't it needsaaklik is om in bytsje tusken de rigels troch te lêzen. Friezen wurde delset as eigenwiis, sletten ('op zichzelf'), koppich en bolstjurrich, mar ek frijsinnich, eerlik, aventoerlik, ûndernimmend, rjocht foar harren raap, trochsetters, útlitten, lossinnich, relativearjend, ferbûn mei harren mienskip, loyaal, bûn oan harren tradysjes en op harren sels oanwezen. Dit komt net alline letterlik oan bod, mar benammen metafoarysk binne der in soad ferwizingen nei dit type omskriuwingen. It docht my tinken oan in beruchte passage fan de Fryske gelearde Joost Hiddes Halbertsma, dy 't rûn 1841 de Friezen sa omskreaun:
‘Behoedzaam, wantrouwend, schuw; geen liefhebber van vreemdelingen, wel gastvrij; afkerig van pochen; eerder geneigd tot doen dan tot spreken; niet vrolijk, maar neigend tot zwaarmoedige ernst; door zwaarmoedigheid stroef, stug en soms besluiteloos; onrustig [niet lang stil kunnen zitten]; arbeidzaam; eerzuchtig; door eerzucht kittelorig; egoïstisch en zoekend naar onafhankelijkheid; volhardend; stijfhoofdig; slecht en recht; soms lichtgelovig; indien bedrogen, onverzoenbaar; afkerig van na-aperij; van een meer origineel karakter dan andere volkeren; afkerig van militarisme en soldaten’

Dit soart omskriuwingen fan wat 'Fries-wêzen' al of net is, is moai, mar wat moatte wy hjir dochs mei? Wêrom, om it yn oare wurden te formulearjen, is it wichtich om oandacht te jaan oan dit soart omskriuwingen dy 't 200 jier lyn opskreaun binne en dy 't no yn in kompleet oare foarm útdraagd wurde troch in band as Baldrs Draumar. It hinget allegearre gear mei de komplekse fraachstikken wêr 't elke Fries, Nederlanner of wat foar ynwenner ek mar mei sit, nammentlik: wa bin ik? Wat is myn identiteit? Hoe ferhâld ik my tot dizze steeds komplekser wurdende wrâld dy 't steeds mear ien begjint te lykjen? Yn ien fan 'e skiedniskolleezjes dy 't ik folge haw is oait ris sprutsen oer 'de almaar toenemende behoefte bij mensen aan gemeenschapszin, identiteit, en een bedding'. De Fryske skiednis, taal en kultuer wurd yn harren fuortbestean bedrige troch in type wrâld wêryn 't minsken harren net mear identifisearje mei 'mar' ien identiteit, mar dat der steeds mear skeakele wurd tusken meardere manieren fan hoe atst nei dysels sjin kinst. De Fryske identiteit komt troch dit soart ûntwikkelingen yn in lestich pakket en moat bang wêze foar harren foarbestean. Ik wrakselje sels ek mei dit soart eksistinsjele fraachstikken: Ik bin in jong kerel, dy 't syn libben noch foar him hat. In Fries, dy 't floeiend Ingelsk sprekke kin, studearret yn Greens en yn in mum fan tiid oan de oare kant fan 'e wrâld wêze kinne soe. Wa is dizze jonge man dan? Wat betsjut it Fries-wêzen noch foar in 20-jierriche yn de ienentweintichste iuw? Hokker doel en funksje kin hy ferfolje yn dizze maatskippij? It giet hjirby net alline mar om kollektive groepen as Friezen, mar ek om yndividuen. It lit alline mar mear sjin hoe ûntsettend kompleks at de matearje no al is en yn de takomst wurde sil.

It wurd tiid om it ferhaal wer nei Baldrs Draumar ta te lûken en om der in ein oan de breidzjen. Der kin yn elts gefal stelt wurde dat Baldrs Draumar mei Njord pleatst wurde kin yn in lange line fan minsken, ferienings en kollektiven dy 't sich mei dit soart fûnemintiele fraachstikken dwaande hâlde, en dat it relevant, sinnich, wichtich en belangryk is om oer soks nei te tinken. Dizze band út Dokkum mei dan miskien net de originaliteitspriis winne mei harren musikale ynfalshoeke of heidenske tematiek, foar my belichemje se in reeks oan komplekse fraachstikken dy 't ik sa wichtich acht dat ik dêr miskien yn myn takomstige wurksumme libben in bydrage oan leverje wol. Dizze band hat my mei dit album in stapke fierder holpen yn myn persoanlike proses om myselfs kinnen te learen en tsjin te kommen en om my, sa at dat yn it ingelsk moai hyt, 'food for thought' mei te jaan om op te reflektearjen. Atst dat as band mei dyn wurk berikke kinst, dan fyn ik datst tot de grutte jonges rekkene wurde meist.

Fiif wolfertsjinne stjerren fanút myn kant en myn oprjochte tanksizzingen oan Baldrs Draumar foar dit geweldiche album.

avatar van RonaldjK
4,5
Tjonge ABDrums, wat een doorwrocht epistel! En hoe leuk ook om te lezen wat dit album voor jou betekent en wellicht nog gaat betekenen!
Mooi ook zijn je historische kanttekeningen bij het Faroërepos, je opmerkingen over het karakter van "de Fries" en je beleving van de muziek.

Wie weet sluimert hierin een pad voor je naar een fascinerende werkkring als historicus. En voor nu: ik heb genoten, met enige concentratie is het ook voor een niet-Fries interessant om te lezen hoe je Njord beleeft en in een bredere context zet.
Fijn ook dat er - eindelijk - meer mensen zijn die op MuMe over Baldrs Draumar schrijven.

Vergeet je niet om Njord een plek te geven in je album top 10?

avatar van ABDrums
5,0
RonaldjK schreef:
Vergeet je niet om Njord een plek te geven in je album top 10?

Gelijk heb je inderdaad, ik zie geen reden om dat niet te doen. Wie weet staat 'ie in de toekomst nog hoger, maar een plaatsje in mijn top tien is zeker meer dan verdiend!

avatar van Forza
4,5
In moai stik, ABDrums. Myn Frysk skriuwen is net al te sterk, dus ferjou my de untbrekkende aksinten en matige wurdkar.

Ik fyn it wol interessant dat dizze plaat dy sa oan it tinken set. Dat ha ik sels wat minder, want foar my is it eins altiid wol dúdlik west dat ik wichtig fyn om Frysk te wêzen, sels no ik al in hiele tiid yn Grins wenje. Mar ik moat ek opmerke dat er oan my gjin grutte tinker ferlen rekke is .

Ik fyn it foaral moai om Fryske wurden werom te sjen die ik sels net in protte brûk, der tink ik eins it meast oernei at ik dizze plaat lústerje. Derneist bin ik grutsk dat er in Fryske plaat is die fan begjin tot ein hege kwaliteit hat, want der binne der mar weinig fan makke.

It album van Kjeld wat neamdest is ek in resint foarbield fan in hege kwaliteitsmuzyk yn it Frysk. Dizze fan Baldrs Draumer kin ik toch wat makkelijker oan oaren hearre litte omdat it heel erg tagonkelik is, dat fyn ik ek wol wer moai.

avatar van Edwynn
2,5
Schaam ik mij even diep dat ik pas op deze band stuitte nu er ophef gemaakt wordt omdat de drummer redelijk hoog op een Nederlandse kieslijst terecht is gekomen. Schandalig hoe deze gasten nu verdacht gemaakt worden door bewust kwaadwillenden of echt domme gasten die buiten van wat er in hun eigen bubbel leeft niets van de wereld begrijpen.
Anyway, van al dat Friese gebrabbel dat door de Mumers hierboven opgetikt is, maak ik niks. Dus moest ik zelf maar even luisteren. En wat ik aantrof riep bij mij gemengde gevoelens op. Baldrs Draumar heeft gevoel voor melodie en weet hoe ze een song moeten opbouwen. Maar na een nummer of twee á drie krijg ik er een enorm "Jan, Pier, Tjores en Corneel'-gevoel bij en wordt het tijd voor wat anders. Njord is leuk voor enkele momenten maar is mij veel te kleinkunsterig om te blijven boeien. En de productie is ook nog eens veel en veel te netjes voor mij.

avatar van RonaldjK
4,5
Je moet één van hun elektrische albums proberen!

avatar van ABDrums
5,0
RonaldjK schreef:
Je moet één van hun elektrische albums proberen!

Inderdaad, probeer Magnus eens. Ik denk dat dat album je positiever zal bevallen.

Van de drummer heb ik mogen vernemen dat er een nieuw album in de maak is dat weer de hardere kant van het muzikale spectrum op gaat. Bovendien is er wederom een interessant conceptueel thema aan dat album verbonden!

Gast
geplaatst: vandaag om 18:12 uur

geplaatst: vandaag om 18:12 uur

Let op: In verband met copyright is het op MusicMeter.nl niet toegestaan om de inhoud van externe websites over te nemen, ook niet met bronvermelding. Je mag natuurlijk wel een link naar een externe pagina plaatsen, samen met je eigen beschrijving of eventueel de eerste alinea van de tekst. Je krijgt deze waarschuwing omdat het er op lijkt dat je een lange tekst hebt geplakt in je bericht.

* denotes required fields.

Let op! Je gebruikersnaam is voor iedereen zichtbaar, en kun je later niet meer aanpassen.

* denotes required fields.